Stimpassen yn Ljouwert kwyt; gemeente kriget soad telefoantsjes

De gemeente Ljouwert kriget in soad telefoantsjes fan minsken dy't gjin stimpas krigen ha. Hoe't dat krekt kin, is net dúdlik. Minsken dy't gjin pas ûntfongen ha, kinne belje mei de gemeente. Dy stjoert dan noch in stimpas op.
© ANP
Ek op it gemeentehûs yn Ljouwert kinne minsken in stimpas ophelje, as sy der gjinien thús krigen ha. Dêrfoar is it wol nedich om legitimaasje mei te nimmen.