Frijwilligers en ynstânsjes stekke de hannen út de mouwen foar wylde bij

14 mrt 2019 - 11:54

Op mear as tweintich plakken wurdt freed en sneon de Bijewurkdei hâlden. Mei it inisjatyf wurdt stilstien by it feit dat bijen hiel belangryk binne foar ús itensfoarsjenning en it behâld fan de natuer. Mar it giet hiel min mei de wylde bij. Reden foar Lânskipsbehear Fryslân om hjir tegearre mei frijwilligers en Nederland Zoemt by stil te stean.

Bijen - Foto: Shutterstock.com

It bijehotel

De Bijewurkdei wurdt dizze moanne foar de twadde kear organisearre. Ferline jier wie de earste edysje en doe wie dat op noch mar sân plakken. No is dat oantal dus al trije kear sa grut.

Belangstellenden kinne helpe mei it oanlizzen fan bijehotels en allerhande krûden en blommen siedzje. De bijen binne wichtich foar bestowing. Dêrtroch groeie der bettere fruchten, dy binne wer goed foar de fûgels. Ek de minsk profitearret, want it fruit en de griente wurdt der moaier fan.

Foto: Shutterstock.com

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de bijen yn Aldeboarn

Yn Fryslân dogge ûnder oare Jitske Brouwer en Micha van Rooijen fan de Boarnster Bijenstal yn Aldeboarn en Natuerferiening Geaflecht op De Gordyk mei. Yn Aldeboarn wurdt in terrein ynrjochte foar in bijestâl en in fjild mei blommen. Op De Gordyk wurdt in berm ynsiedde mei blommen en krûden. Tagelyk wurket Geaflecht oan in biodiversiteitsplan dat oer meardere jierren rint. Se wolle ûnder oare de jongerein by it inisjatyf belûke.

Ein foarich jier binne Brouwer en Van Rooijen mei it inisjatyf begûn. "Toen gingen we kijken naar wat we konden krijgen aan land", fertelt Van Rooijen. Se hawwe in stik grûn fan de tsjerke tawiisd krige. In diel dêrfan wurdt no it leefgebiet fan de bijen.

Ymker

Van Rooijen hat in skoftke ymker west en dat begûn no wer te kribeljen. Wat er der krekt sa moai oan fynt? "Op een andere manier met natuur bezig zijn. Voor mij geeft het rust."

It giet Brouwer ek net perfoarst om de huning fan de bistjes. "Foar my is it belangryk foar de ierde. It giet min mei de bijen. En ek in stikje bewustwurding by de minsken om har dúdlik te meitsjen hoe't se in moaie tún oanlizze kinne, dy't goed is foar de bijen en flinters."

(Advertinsje)
(Advertinsje)