Cambuur nimt nei dit seizoen ôfskied fan trainer René Hake

Sportklup Cambuur nimt oan de ein fan dit seizoen ôfskied fan trainer René Hake. It ôfrinnende kontrakt fan Hake, dy't sûnt jannewaris 2018 yn funksje is, wurdt net ferlinge. De Ljouwerter fuotbalklup sil de kommende tiid neitinke oer de opfolging.
Hake fuort
Earder dizze wike waard al bekend dat ek assistint-trainer Sipke Hulshoff en keeperstrainer René Ponk de klup ferlitte.

Trettjinde plak

Under lieding fan Hake helle de ploech foarich seizoen de play-offs, dêr't Cambuur útskeakele waard troch FC Dordrecht. Dit seizoen binne de resultaten minder goed; de ploech stiet nei 28 wedstriden op it trettjinde plak yn de earste difyzje.
© www.orange-pictures.nl