Johannes Kramer: "Ik soe mear ynsette wolle op natuer, bioferskaat en ús lânskip"

14 mrt 2019 - 10:41

Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Tongersdei is Johannes Kramer, listlûker fan FNP, oan bar.

Johannes Kramer - Foto: FNP

Namme: Johannes Kramer

Leeftiid: 51

Wenplak: Sibrandabuorren

Berop: deputearre Provinsje Fryslân

Hobby: lêze, reedride, fytse en myn gesin

Partij: FNP

Lid sûnt: 1992

Besjoch it partijprogramma fan de FNP

Johannes, sizze wy do of jo?

"Do is goed."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"Ik bin listlûker wurden om't ik fyn dat ik as deputearre en polityk lieder fan in kolleezjepartij my foar de kiezer ferantwurdzje moat en graach troch wol as deputearre en fan dêr út ek de kiezer om ynstimming freegje. Ik kin it ferskil meitsje om't ik de ûnderfining en de drive ha om de kommende fjouwer jier it bêste út Fryslân te heljen."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Abraham Lincoln. Hy hie it ynsjoch om te sjen wat needsaaklik, rjochtfeardich en mooglik wie. En hy hie de moed om dat troch te fieren."

Wat is it earste dat der feroaret as dy partij yn it kolleezje komt?

"Wy hawwe yn it sittende kolleezje fjouwer jier goed gearwurke en oparbeide. Ik ha gjin oanstriid en feroarje dat fuortendaliks. Mar yn in nij kolleezje soe ik mear ynsette wolle op natuer, bioferskaat en it behâld fan ús lânskip."

Ik fyn dat ik my as deputearre en polityk lieder fan in kolleezjepartij foar de kiezer ferantwurdzje moat.

Johannes Kramer fan de FNP

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Just net, moat krekt fersterke wurde. De provinsje Fryslân hat in fin mear as in bears. In sterke eigen identiteit en is herkenber en werkenber foar de minsken. Dy sterke bining mei de befolking is krekt in pree."

Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"Referinda ynfiere, minsken mear sizzenskip jaan oer harren eigen takomst en omjouwing. De minsken bin net dom of gek, hja witte hiel goed hoe as it better kin."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"Lit mar gewurde."

De minsken bin net dom of gek, hja witte hiel goed hoe as it better kin.

Johannes Kramer fan de FNP

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

"Nee, net dat ik wit."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

"De Fryske tsiis. In hearlike tsiis dy't bydraacht oan it behâld fan ús greidefûgels."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op jo stimme?

"Minsken moatte net op my stimme, mar as se Fryslân in stim yn de polityk jaan wolle dan moatte se FNP stimme. De FNP stiet mei 50 kandidaat Steateleden foar Fryslân en har bewenners, de taal en de kultuer, it lânskip en it bioferskaat."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)