Deade frou Frjentsjer net troch misdriuw om it libben kaam

14 mrt 2019 - 09:53

De deade frou dy't woansdeitejûn oantroffen waard yn it wetter oan de Bloemketerp yn Frjentsjer is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje.

Foto: Srfotografie

De 30-jierrige ynwenster fan Frjentsjer waard woansdeitejûn om 19.10 oere hinne oantroffen. De plysje seit net krekt te witten hoe't de frou mei har fyts yn it wetter bedarre is, mar hat gjin reden om oan te nimmen dat it om in misdriuw giet.

It lichem fan de frou is yntusken oerdroegen oan har famylje.

Plysjewurdfierder Robert-Jan Valkema

Trefwurden: 
Frjentsjer deade Bloemketerp
(Advertinsje)
(Advertinsje)