Kollum: "Fiif fiere froulju"

14 mrt 2019 - 09:43

"Freed wie it Ynternasjonale Frouljusdei, en sûnt freed stean myn dagen yn it teken fan froulju, wylst yn myn libben net safolle dagen yn it teken fan froulju steane. Dyselde freed waard de dokumintêre 'Leaving Neverland' útstjoerd, oer it ûnderstelde bernemisbrûk troch Michael Jackson.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Dêr falt in protte oer te sizzen, mear dan ik hjir no kwyt kin, en der wurdt in protte oer praten. Mar wêr't ik noch hast neat oer heard ha, is hoe't de memmen fan de twa mannen dy't fertelle oer wat harren oerkaam is der fanôf komme. Want hearegodskes, dat is net bêst. De memmen fiele harren skuldich en stoarte foar de kamera yn: se hiene as taak harren soantsjes te beskermjen en se fine dat se faald hawwe.

Ik begryp net sa goed wêrom't dizze fraach net oan 'e heiten steld waard. Ja, ien fan dy heiten libbet net mear, mar it prinsipe. Hoe natuerlik ik yn earste ynstânsje meigie yn dizze redenaasje fan de dokumintêre; it automatisme dat de mem allinnich mar ferantwurdlik is. It is al in sjochtip trouwens, dy dokumintêre.

Dêrnei kaam snein yn WNL op Zondag Gwenda Nielen yn byld. Sy is in hege offisier by Definsje, en siet dêr om't Definsje noch altyd mar wer op 'e syk is nei personiel. En dan it leafst ek froulik personiel. Dêr ha se in spotsje oer makke, mei in froulike helikopterpiloat, en dat krigen we te sjen. De piloat seit, hiel efkes, yn in voice-over dat minsken wolris tinke dat se yn in neilsalon wurket, mar hoe oars is har werklikheid, en dêr giet de rest fan it filmke oer.

Doe't it spotsje klear wie, kaam der fuortendaliks in fraach fan ien fan de manlju yn it programma: "laat je nagels eens zien". Mar Nielen prate stoïsynsk troch oer wat oars, en liet har neils net sjen. In fraach dy't nea oan in man steld wurde soe. En in frij hermetysk byld fan froulju toande.

Hoe oars wie it optreden fan Marijke Roskam yn Met Het Oog Op Morgen, tiisdei. Roskam is de listlûker fan de PvdA by de Steateferkiezingen yn Fryslân. Se siet dêr mei har kollega, ek in frou, út Zeeland. Wat in fris lûd, út in hoeke dy't al tweintich jier mei harsels oerheap leit. Doe't twa wiken lyn in poster mei Marijke har gesicht derop bekladde waard mei in Hitlersnor, reagearre se mei in nochter: "We hoopje dat dyjinge yn it deistich libben mear ferstân en leafde sjen lit."

Sûnder in spoar fan in aksint prate se Nederlânsk, en mei in stim as in 'al dente' stasjonstim - want se wie by BNR - ramde se der in posityf ferhaal út yn it Oog. Benijd wêr't Marijke telâne komt.

En dan wie der dy frou dy't we mei ús allen kapot gean sjogge. De konservative premier Theresa May fan Grut-Britannië, in lân dat ûnder har eigen nasjonalisme ferkrommelet, lykas har stim. Ek sy hat eins in stim as in misthoarn, mar dat sokke stimmen net ûneinich binne, hearden we neidat dizze wike har Withdrawal Agreement foar de twadde kear pynlik fuortstimd waard troch de parlemintsleden. Heas stie se dêrnei harren te wurd.

De brexit is mislearre, hoe't it fierder ek útpakt. Sels de grutste tsjinstanner fan de EU yn ús eigen lân, Thierry Baudet, dy't yn it ferkiezingsprogramma foar de Twadde Keamer noch fol oertsjûging skreau dat Nederlân derút moat, komt dêr no mei hingjende poatsjes op werom. "We willen eerst kijken hoe de brexit zich ontwikkelt", sei listlûker Otten dit wykein yn De Telegraaf. Hy ûntkende dat it wurd NEXIT yn it ferkiezingsprogramma fan Forum stien hat, mar in lytse google yn it politike argyf fan de Ryksunversiteit Grins bewiist it tsjindiel. Och ja, se binne by Forum net smoard yn harren earste leagentsje.

May, Roskam, Nielen en de memmen yn Leaving Neverland, fiif fiere froulju, dy't harren steande hâlde moatte yn wrâld fol winich sjarmante oanfallen. Mei bewûndering sjoch ik dêrnei. Behalve dan nei Theresa May."

(Advertinsje)
(Advertinsje)