Noard-Nederlân kin noch folle duorsumer, diel 3: de mooglikheden fan de wetterstofekonomy

14 mrt 2019 - 08:44

'Noard-Nederlân: koprinner yn de enerzjytransysje'. In slogan dy't de winsk fan it kabinet útdrukt, no't we én fan it gas ôf moatte én wat dwaan moatte oan klimaatferoaring. In slogan dy't ek troch it noardlike enerzjy-ynstitút New Energy Coalition (NEC) entûsjast omearme is.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

Tiisdei en woansdei lieten RTV Noord en Omrop Fryslân sjen dat Noard-Nederlân op it mêd fan enerzjyproduksje en enerzjybesparring noch net sûnder mear as koprinner fan Nederlân bestimpele wurde kin. Hoe sit dat mei de inisjativen dy't net echt te mjitten binne yn hurde sifers?

Kennis, ynfrastruktuer, wetterstof

De NEC fynt sels ek dat de koprinnerclaim fan Noard-Nederlân lestich yn sifers út te drukken is. Wol binne der 'deugdlike arguminten' foar, seit in wurdfierder.

Dizze arguminten falle yn trije kategoryen ûnder te ferdielen: de skiednis fan de gaswinnings, de kennis en ûnderfining dy't der yn de regio opboud is tanksij gaswinning. Dêroan relatearre de ynfrastruktuer. Sa komme bygelyks grutte elektrisiteitsliedingen fia de Eemshaven Nederlân binnen. En as tredde de mooglikheden dy't de wetterstofekonomy biedt. Want yn wetterstof komt it neffens de NEC allegear tegearre.

"De uitgebreide kennis en het wijdvertakte gasnetwerk in Groningen worden ingezet voor de ontwikkeling van waterstof. Het kan als energiebron dienen en een middel zijn om te innoveren. Zo kun je het overschot aan stroom omzetten in waterstof. Dit kan je dan weer gebruiken als het weer nodig is, of als (groen) gas, of weer omzetten in stroom. Waterstof kan in Groningen worden opgeslagen in ondergrondse zoutcavernes en lege gasvelden. Zo speelt het oude energielandschap een rol in de waterstofeconomie van morgen", sa is de argumintaasje fan de NEC.

Ambysje, gjin realiteit

Hoe tinke oare enerzjyspesjalisten oer de claim dat Noard-Nederlân koprinner is? Machiel Mulder, heechlearaar Regulering van de Energiemarkten oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG), is der helder oer: "Het is een ambitie om koploper te worden. Maar of de regio ook daadwerkelijk voorop loopt, daar kunnen we nu nog geen uitspraak over doen. Er gebeurt in Noord-Nederland veel op het gebied van de energietransitie, maar dat geldt ook voor bijvoorbeeld de Maasvlakte."

Potinsje fan wetterstof

Wêrom biedt wetterstof kânsen yn de enerzjytransysje? Yn dizze animaasjefideo wurdt it útlein.

Wetterstofekonomy

De NEC sjocht dus in soad takomst yn wetterstof en is dêryn net de iennige. Ek enerzjyplanolooch Christian Zuidema is der posityf oer. "De toepassingsmogelijkheden van waterstof zijn groot. Het kan bij auto's en in de industrie als brandstof gebruiken, en je kunt het ook zetten voor warmteproductie." Ek wurdt wetterstof yn de yndustry as grûnstof brûkt om allerhande produkten fan te meitsjen.

Lammert Wiersma, enerzjysaakkundige by E&E Advies, en ferantwurdlik foar ûnder oare de Energiemonitor foar de provinsje Grinslân, foeget dêroan ta dat wetterstof benammen wichtich is foar balansearring. Dêr bedoelt hy dit mei: "Soms heb je energie over en soms kom je energie tekort weinig. Om dat verschil op te vangen is waterstof heel geschikt." Dat komt omdat wetterstof geskikt is om enerzjy mei op te slaan.

Wetterstofekonomy helber?

Is wetterstof dan dé kaai foar enerzjytransysje? Zuidema sjocht kânsen, mar is ek tebekhâldend mei syn entûsjasme. "Je kunt waterstof zó breed toepassen dat het zonde is om het zomaar aan de kant te zetten. Maar als je bedenkt hoe je waterstof kan maken: ten eerste met aardgas. Dat wil je niet, want dan ben je alsnog van fossiele brandstoffen afhankelijk. Je kunt waterstof ook maken met behulp van stroom." Mar dat is in djoer proses, ûnderstreket Zuidema, of it moat sa wêze dat der in oerskot oan elektrisiteit is en je dat derfoar brûke.

Mar oft dat oerskot der komme sil? Neffens Wiersma is dat noch gjin útmakke saak. "Bedrijven in de waterstof gaan ervan uit dat op termijn goedkope stroom kan worden gebruikt om deze om te zetten in waterstof. Die kan weer worden gebruikt om energie op te slaan en te transporteren. Ze denken dat de komst van windmolen- en zonneparken zoveel extra elektriciteit oplevert, zodat de prijs van stroom laag zal zijn."

Mar de werklikheid is neffens Wiersma dochs oars. "Exploitanten gaan natuurlijk nooit een wind- of zonnepark aanleggen met het idee om een overschot aan stroom te produceren die ze vervolgens voor een dumpprijs moeten wegdoen. Met als gevolg dat je elektriciteit niet kunt opslaan. Ze willen alleen instappen als ze er aan kunnen verdienen. Zonne- en windparken zullen daarom niet snel zorgen voor een prijsdaling."

It is lestich om hurd befêstigje of ûntkrêftigje te kinnen oft de wetterstofekonomy yndie bydraacht oan it koprinnerskip fan Noard-Nederlân yn de enerzjytransysje. De takomst lit him net maklik yn de kaarten sjen. Mar de oanname dat we yn de takomst mei in oerskot oan stroom sitte sille, omdat stroom net opslein wurde kin troch it ûntbrekken fan in goede betelbere akku, kin dus op nuansearring rekkenje fan de eksperts dêr't wy mei praat hawwe.

Reaksje New Energy Coalition

We hawwe de New Energy Coalition frege om ús befinings te besjen. Tris van der Wal, wurdfierder fan de organisaasje, skriuwt ús dat Noard-Nederlân him benammen koprinner neamt op basis fan in takomstperspektyf. De berekkeningen fan Omrop Fryslân en RTV Noord gean oer de situaasje sa't dy no is.

Koprinner wêze yn de oergong nei in griener enerzjybestel yn Noard-Nederlân sit him yn de kennis en gearwurking dy't typysk is foar Noard-Nederlân. Troch de gaswinning is der yn it Noarden in soad kennis garre dy't in foarsprong jout op oare regio's, sels wrâldwiid. Van der Wal: "Het is niet toevallig dat de faculteit Rechtsgeleerdheid van de RuG wereldwijd erkend is als autoriteit in energiewet- en regelgeving."

Ek wiist se op de unike gearwurking tusken de Universiteit en de Hanzehegeskoalle, en hoe't alle mooglike dissiplines, fan natuerkunde oant psychology, belutsen wurde by it ûndersyk en tapassings dêrfan. Ek in ynnovaasjeproeftún, lykas op It Amelân, is unyk yn de wrâld. Yn dit projekt stribbet It Amelân dernei om yn 2020 selsfoarsjennend te wêzen yn de enerzjybehoefte.

(advertinsje)
(advertinsje)