Auto sjit oer sleat hinne en bedarret yn greide op N381 by Oerterp

14 mrt 2019 - 08:39

Op de N381 ta hichte fan Oerterp hat tongersdeitemoarn in ûngelok west. Twa auto's kamen mei elkoar yn botsing. Ien fan de auto's skeat troch de hurde klap oer de sleat hinne en bedarre fyftich meter fierder yn in greide.

Foto: Srfotografie

De bestjoerder fan de oare auto is troch de brânwacht út de auto helle en troch it oanwêzige ambulânsepersoniel neisjoen. Oft der ien nei sikehûs ferfierd is, is net bekend.

De plysje en Rykswettersteat hawwe de dyk folslein ôfsletten foar it ferkear. Hjirtroch ûntstie in file fan in oantal kilometer yn de rjochting fan Drachten. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Oerterp N381
(advertinsje)