Nij plan fan oanpak foar tekoarten op jongereinsoarch

14 mrt 2019 - 08:31

Ferline jier hawwe alle Fryske gemeenten en sân soarchoanbieders in konvenant tekene om mei harren allen de heechspesjalityske soarch foar de jongerein op te pakken. Yn 2015 is ûnder oare de jongereinsoarch oergien fan it Ryk nei de gemeenten. Der wie wol fuortendaliks in besuniging fan 15 persint op it budzjet. It docht no bliken dat de gemeenten net útkomme mei it jild.

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

Der binne oeral tekoarten op it sosjaal domein. De kosten fan benammen de spesjalistyske soarch binne tige heech. Dit moat feroarje en dêr is no in plan fan oanpak foar makke. In hiele útdaging, want oant no ta is dit noch nea slagge.

It doel is om minder bern op te nimmen yn spesjalistyske ynstellingen en mear help oan te bieden yn de thússituaasje. Dat soe goedkeaper én effektiver wêze. Pieter van der Zwan is tongersdei begûn as programmalieder foar it aksjeplan. "Het plan richt zich erop om de zorg rondom het kind beter te organiseren. Concreet gaan we op vier thema's aan de slag. Dat is: het leren van elkaar, beter samenwerken, het onderwijs, en kind in beeld bij echtscheidingen", fertelt Van der Zwan.

De bern moatte úteinlik merke dat de soarch tichtby kaam is. "Niet van het kastje naar de muur, ook voor behandelaren. Wat uiteindelijk ook gaat leiden tot maatschappelijke én financiële winst."

Regionaal ekspertizeteam

"We zijn nu alvast gestart met een regionaal expertiseteam. Daarin kunnen behandelaren, maar ook ouders, zich melden om echt te kijken hoe ze de zorg beter kunnen maken, beter kunnen samenwerken en anders kunnen denken."

Yn 2015 binne de taken oergien nei de gemeenten, mar dochs rinne de kosten foar de soarch allinnich mar op. Sa wurde noch in soad bern troch ortopedagogen, húsdokters en rjochters trochstjoerd nei de spesjalistyske soarch en dat is fansels djoer. "In 2015 is er niet zo goed gekeken naar de kosten. De gemeenten hebben nu eigenlijk pas beter in beeld wat het allemaal gaat kosten. Daar schrikt met natuurlijk van."

Pieter van der Zwan oan it wurd

De bern yn de jongereinsoarch sitte, sûnt de problemen yn 2015, dus al fjouwer jier yn de wacht. "Ik ben een tijdje wethouder geweest en ik weet hoe hard er gewerkt is door gemeente en aanbieders om die goede zorg te leveren. Tegelijkertijd was het ook wel een beetje zwemmen met elkaar en vervolgens zorgen om weer boven water te komen", fertelt Van der Zwan.

"Elkaar te vinden, de administratie op orde te krijgen. Dat soort praktische zaken heeft gezorgd voor veel mist. Daar is nu meer duidelijkheid over en er worden inhoudelijke plannen gemaakt."

Totaalplan

Mar wêrom soe dit plan no wol slagje? "Het is eigenlijk niet zo dat het nooit gewerkt heeft. Het systeem lijkt niet goed te werken. Deze plannen zijn er echt op gericht om het systeem aan te pakken en te gaan kijken hoe we het kunnen gaan verbeteren. Het is meer een totaalplan. Ik heb ook de opdracht gekregen om naar de gesloten jeugdzorg te kijken, die erg duur is, maar ook aanloop behoeft om beter samenwerking op te zoeken. De aanbieders zijn destijds zelf met een plan gekomen om dat beter te gaan doen en dat heeft geresulteerd in een convenant."

(Advertinsje)
(Advertinsje)