Bysûndere items ferkocht op feiling jildtransportbedriuw SecurCash

Earder dizze wike waard yn Drachten in sjochdei organisearre foar de feiling fan de ynboel fan it fallite jildtransportbedriuw SecurCash, it eardere Brinks. Dat wie net samar in feiling, want op de list stiene ûnder oare pânsere jildtransportweinen, in meldkeamer en oar nijsgjirrich guod. Woansdei sleat de feiling en no binne wy fansels benijd wat it allegear opsmiten hat.
© Google Street View
Feilingmaster Teun van Leeuwen fan Troostwijk Veilingen
Net allinnich minsken dy't ris efkes sjen woene, kamen del. Der kamen ek in soad serieuze keapers op ôf, fertelt feilingmaster Teun van Leeuwen.
Alle pânsere weinen binne fan de hân dien. "Maar niet aan particulieren. Het zijn allemaal zakelijke kopers." Oare bysûndere feilingstikken wiene de meldkeamer en de selsferneatigjende klûs. Dy binne ek ferkocht. "In principe is alles verkocht. Over een week is de uitleverdag, dan kunnen de kopers alle spullen op komen halen."
"De opbrengst was boven verwachting. Als je alle bedragen bij elkaar optelt, zie je dat we ongeveer 120.000 euro hebben weten te realiseren", fertelt Van Leeuwen.