Wurkgroep Twirre set minsken oan mear te dwaan foar it miljeu

Seis minsken dy't al drok dwaande binne mei duorsume projekten en mear as hûndert minsken dy't eins wol mear foar it miljeu dwaan wolle. Dat wie it resept foar de gearkomste yn de Teätertsjerke yn Nes, woansdeitejûn. Wurkgroep Twirre organisearre de jûn om mear minsken te belûken by it duorsumer libjen.
© Twirre
Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie by wurkgroep Twirre
"Minsken sizze sels ek faak wol dat se wat mei dat plestik wolle, mar hoe dogge se dat? It fielt as in hiel hege drompel, mar it is eins bêst wol simpel." It idee is dat safolle mooglik minsken harren oanslute by al besteande projekten. Sa libbet Anja Haga al twa moannen hielendal sûnder plestik en sieddet Hessel Jan Sinnige mei suvelkoöperaasje ZUCO stikken fan syn lân yn mei lânseigen blommen en planten om de biodiversiteit te fergrutsjen.
De minsken dy't sels ek soks dwaan wolle, koene dat by ien fan de inisjatyfnimmers oanjaan en krigen dêrfoar húswurkopdrachten. Dy wurde beoardiele troch de wurkgroep, om te sjen oft der ek echt progresje makke wurdt.