CDA wint ferkiezingsdebat IepenUp Live

It CDA is woansdeitejûn troch it publyk yn Neushoorn en sjoggers fan de livestream útroppen ta winner fan it ferkiezingsdebat fan IepenUp Live. Sawat 150 minsken kamen nei it kafee yn Ljouwert om te sjen hoe't de politisy mei-inoar yn diskusje giene oer ûnderwerpen as duorsumens, it wetterpeil yn it feangreidegebiet, de braindrain, de legacy fan Kulturele Haadstêd en de mismatch tusken ûnderwiis en bedriuwslibben.
Hast alle partijen diene mei oan it debat, en hiene in protte oanhing meinommen. De PVV, Forum voor Democratie, Denk en de SGP hiene harren ôfmeld.
Earste útslach stimming ferkiezingsdebat IepenUp © Omrop Fryslân
Foarôfgeand oan it debat stimde 17 prosint fan de 96 dielnimmers op it CDA, en 16 prosint op de PvdA. Nei ôfrin fan it debat wie dat 27 prosint fan de 148 foar it CDA tsjinoer 16 prosint foar de PvdA.
Twadde útslach stimming ferkiezingsdebat IepenUp © Omrop Fryslân