Johannes Kramer wol 'regionale lânskipsstrategy' foar de Iselmar

Alle oerheden dy't by de Iselmar belutsen binne, moatte eins in mienskiplik plan opstelle, wêryn't stiet wat der wol en wat der net kin. Mei dat idee kaam listlûker Johannes Kramer fan de FNP woansdeitejûn yn in troch it Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer organisearre petear mei de provinsjale polityk yn Ljouwert. Kramer neamt soks in regionale lânskipsstrategy.
It debat yn de Ljouwerter Kanselarij © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ferslachjouwer Remco de Vries wie by it Iselmarpetear
Eins wiene alle partijen yn de seal der wol fan oertsjûge dat it boargers hiel betiid yn it proses makliker makke wurde moat, om in goeie ynskatting te meitsjen fan de skaal en de gefolgen fan in plan. As boarger kinne je dan beslute oft je yn aksje komme moatte of net. By de plannen foar de sânwinning kaam dat ferset pas hiel let op gong.

Elke stap better regelje

Hetty Janssen fan de PvdA fynt dat de ynspraak fan boargers net allinnich yn it begjin, mar by elke stap better regele wurde moat. De organisaasje fan dit Iselmarpetear besocht mei stellingen de polityk no al safier te krijen, dat regels foar nije plannen yn de Iselmar oanskerpe wurde. Mar dat slagge net. Allinnich listlûker Matthijs Sikkes-van den Berg fan GrienLinks stipe in bouferbod.
Fierder bruts der noch in lyts miny-debatsje út tusken Maaike Prins (CDA) en Hetty Janssen oer de fraach oft de provinsjale polityk wol genôch omtinken hat foar it beskermjen fan it lânskip. Yn dat ramt kaam ek noch de komst fan sinnegreiden en wynmûnen foarby.