Bearn Bilker krijt Leeuwarder Leeuwtje by Nassau-lêzing

13 mrt 2019 - 22:10

Boargemaster Ferd Crone hat woansdeitejûn it Leeuwarder Leeuwtje útrikt oan Bearn Bilker. Dat barde foarôfgeand oan in Nassau-lêzing yn it Historisch Centrum Leeuwarden.

Bilker krige de gemeentlike ûnderskieding, omdat hy Ljouwert al jierren promoatet mei syn histoaryske kennis fan de skiednis fan de stêd en de bân dêrfan mei de Oranje-Nassaus. Hy jout rûnliedingen troch de binnenstêd en is inisjatyfnimmer fan de muorreskildering fan Maria Louise by it Aldehoustertsjerkhôf.

De Nassau-kenner hat ek in soad publikaasjes skreaun en hat jierrenlang wethâlder west yn de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)