De Fryske Marren hâldt fêst oan klompjild by brêgen

Gemeente De Fryske Marren is net fan doel om it klompjild by alle brêgen ôf te skaffen. By seis beweechbere brêgen en de Lemsterslûs is op dit stuit noch sprake fan klompjild. Dat barre de brêgewippers mei in houten klompke oan in angel.
Brêgewipper mei klompke yn Dokkum © Omrop Fryslân
Neffens de gemeente wurdt de tradysje troch besikers bot wurdearre. It klompke wurdt gauris op de foto set en brêgewippers krije dêrtroch faak fragen fan toeristen oer wat der te dwaan is yn de buert. De gemeente hat it klompjild boppedat ek oanmeld as offisjeel ymmaterieel erfgoed. Dêrmei soe de tradysje better beskerme wurde wêze moatte.
De lêste tiid is der benammen út de provinsje wei druk op de gemeenten om it brêgejild ôf te skaffen. It soe just net gastfrij wêze om boatsjefarders by de brêgen om jild te freegjen. Yn De Fryske Marren wurdt 1 oant 2 euro frege by in brêge.