Keamerlid Harry van der Molen hat nocht fan DENK-filmkes en tsjinnet moasje yn

It Fryske keamerlid Harry van der Molen hat woansdei yn de Twadde Keamer in moasje yntsjinne tsjin 'yntimidearjende filmkes' fan de partij DENK. Hy die dat nei in debat oer diskriminaasje en krige der in soad stipe fan syn kollega's foar. Bysûnder is dat sels keamerfoarsitter Khadija Arib har namme ûnder de moasje set hat.
Harry van der Molen © Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Harry van der Molen
Yn de filmkes fan DENK wurde oare Keamerleden oanfallen. Faak hat it doelwyt in bûtenlânske achtergrûn. By it yntsjinjen fan de moasje waard Van der Molen suver emosjoneel. "Ja, ik waard der hiel lilk oer. Ik sjoch it no al twa jier om my hinne as Keamerlid, dat in oantal Keamerlid-kollega's mei in net-Nederlânske achtergrûn, wêrfan't de famylje yn it ferline út Turkije of Marokko kaam, oan de rinnende bân yntimidearre wurde troch DENK. En dat is no just de partij dy't altyd tsjin diskriminaasje seit te wêzen."

Tiid foar in statement

Van der Molen fûn it tiid om in statement te meitsjen. "It moat gewoan ophâlde. It kin net sa wêze dat oare Keamerleden har wurk net dwaan kinne, omdat se bedrige wurde, omdat oare kollega's har op dizze manier achter de broek oan sitte. De omgongsfoarmen yn de polityk binne, seker by DENK, op dit stuit sa negatyf en sa hurd dat je dêr as Keamer gewoan ris in statement oer meitsje moatte."

Tromgeroffel

Nei it yntsjinjen fan de moasje wiene de reaksjes fan DENK net hiel posityf, seit Van der Molen. "Mar ik krige tromgeroffel yn de Keamer en elkenien kaam by my del fan: myn namme mei der ek wel ûnder."
Opfallend wie dat foarsitter Arib fan de Twadde Keamer ek har hantekening set hat. "Dat docht in foarsitter fan de Keamer noait, dy set noait in namme ûnder in moasje", seit Van der Molen. "Dat is hiel bysûnder en fyn ik wol moai by it sinjaal passen."

Mearderheid

Tiisdei wurdt der oer de moasje stimd en Van der Molen tinkt dat dy wol oannommen wurdt. "Der steane no al safolle nammen ûnder dat dy wol in mearderheid hellet."