UPDATE: Deade frou (30) út Frjentsjer fûn yn it wetter by Bloemketerp

13 mrt 2019 - 22:20

De plysje hat woansdeitejûn in deade frou fûn yn it wetter oan de Bloemketerp yn Frjentsjer. It giet om in 30-jierrige ynwenster fan de stêd. It lichem waard om 19.10 oere hinne oantroffen.

Foto: Srfotografie

Neffens de plysje is de frou troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter bedarre. De forinsyske opspoaringstsjinst fan de plysje docht ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)