FIDEO: it IepenUP ferkiezingsdebat

13 mrt 2019 - 19:43

Nije wike, woansdei 20 maart, mei hiel Nederlân wer nei de stimbus foar de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn IepenUP stride ferskate partijen yn in debat oer stellingen dêr't ek it publyk by belutsen wurdt.

De kandidaten debattearje oer wichtige ûnderwerpen sa as de wurkgelegenheid, de legacy fan LF2018 en de Fryske taal en kultuer. Ek kinne minsken yn it publyk fragen stelle oan de kandidaten.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)