Wat is de oanlûkingskrêft fan Forum voor Democratie?

13 mrt 2019 - 18:00

Forum voor Democratie makket in soad minsken nijsgjirrich. In frisse, nije partij mei in oansprekkende lieder yn Thierry Baudet en in dúdlik boadskip dat oer liket te kommen by de kiezers. Sa docht alteast bliken út de meast resinte peilingen foar de provinsjale ferkiezingen. Op de gearkomste fan de partij yn De Lawei yn Drachten kamen tiisdeitejûn sa'n 700 minsken ôf.

Tafelpetear Fryslân Hjoed oer Forum voor Democratie

Heechlearaar bestjoerskunde Michiel Herweijer, dy't ferbûn is oan de Rijksuniversiteit yn Grins, is net echt fernuvere oer de grutte belangstelling foar de ferkiezingsbyienkomst fan Forum voor Democratie yn Drachten. It boadskip fan de partij en garismatysk lieder Baudet meitsje nijsgjirrich.

Dêrby falt de fokus op eigen identiteit fan ús lân goed by in soad oanwêzigen. Friezen binne grutsk op harren kultuer. Dat it gros oan provinsjale ferkiezingstema's net foarbykomt, liket foar de besikers gjin inkeld probleem. By lanlike ferkiezingsgearkomsten is dat lykwols net oars, sa sketst Herweijer.

Frysk pratende Theo Hiddema

De jûn yn Drachten is net in 'twaalf in een dozijn' praatsesje. It is in flotte sjo wêrby't de oanwêzigen gauris laitsje moatte of grut applaus ha foar de sprekkers. Bygelyks as Theo Hiddema it publyk yn it Frysk tasprekt. Dêr is foarôf goed oer neitocht en it boadskip is goed ferpakt, sa seit Herweijer.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It is neffens Herweijer ek de eksklusiviteit fan de gearkomste dy't minsken nijsgjirrich makket. Je krije it gefoel dat je der by wêze moatte, want dy kâns krije je net gau wer, is de gedachte. It is neffens de heechlearaar ek in bewuste kar dat de kopstikken fan de partij, Thierry Baudet en Theo Hiddema, oanwêzich binne. Dat sprekt neffens him folle mear oan as de provinsjale listlûker Maarten Goudzwaard.

Anty-establishment

Forum voor Democratie hammeret ek op anty-establishment, Mei bygelyks it ferhaal fan in 'opgedrongen klimaatbeleid' wurdt ek it byld sketst dat we hjir mar slikke moatte wat Rutte en konsorten oan ús oplizze. En dat boadskip wurdt helder en handich brocht, sa fynt Herweijer.

Baudet en syn folgers posisjonearje harren as in nije, frisse partij dy't 'aaiber' is en breder akseptearre wurdt as de PVV. En dêrmei folje se neffens de heechlearaar bestjoerskunde, yn alle gefallen foar in part, it gat op rjochts yn de polityk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)