Powerkolleezje Tresoar: Wa wie Anna Maria van Schurman?

13 mrt 2019 - 17:42

Anna Maria van Schurman (1607-1678) wie de geleardste frou fan Europa. Mar hoe bedarre sy yn in sekte te Wiuwert? Bert Looper behannelet ien kear yn de moanne yn Fryslân Hjoed in kâlde saak, ek wol cold case, út de Fryske skiednis. Dizze kear is dat Anna Maria van Schurman, dy't yn 1636 as earste frou talitten waard oan in universiteit.

De kolleezjes yn Utrecht moast se lykwols achter in gerdyn folgje. Se wie in humaniste, taalkundige, teologe, dichteres en keunstneres. Se korrespondearre mei belangrike gelearden fan har tiid, lykas de Frânske filosoof Rene Descartes. Se libbe yn de 17de iuw, dat wie de Gouden Iuw.

Hoe kaam se as frou fan de wittenskip by in sekte yn Wiuwert telâne? "Dêr preke Jean de Labadie. Hy socht de wierheid net yn tsjerke of yn de bibel, mar yn jesels. Se wie op syk nei de inerlike fromheid en is labadiste wurden. Der wurdt ek wol sein dat de mummys yn Wiuwert labadisten binne", leit Bert Looper út.

By Museum Martena yn Frjentsjer is yn de fêste kolleksje omtinken foar Van Schurman en har wurk.

(advertinsje)
(advertinsje)