Ried fan Steat jout gemeente gelyk yn wegerjen ekstra hotelkeamers Appelskea

13 mrt 2019 - 17:28

De gemeente Eaststellingwerf hoecht net mei te wurkjen oan de realisaasje fan tolve hotelkeamers by hotel Aan de Vaart yn Appelskea. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald.

Foto: Google Streetview

De gemeente wegeret fergunning foar de tolve hotelkeamers ôf te jaan, omdat der dan te folle fan it terrein fan it hotel beboud wurdt. De Ried fan Steat jout de gemeente dêr gelyk yn.

De hotelkeamers waarden yn 1993 by it hotel delset, yn de foarm fan tydlike units. Se steane der lykwols noch hieltyd en it hotel wol der no permaninte keamers fan meitsje.

(advertinsje)