Brânwacht helle trije auto's út de rûlaasje fanwege problemen

13 mrt 2019 - 17:03

De Fryske brânwacht hat trije brânwachtauto's foarearst út de rûlaasje helle, omdat der in probleem mei wêze kin. De auto's binne nij, se hearre by in oarder fan 18 brânwachtauto's, dy't trije jier lyn al besteld binne.

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wurdfierder Nick Kits fan Brânwacht Fryslân

Dizze wike soe de brânwacht fan Drachten in nije wein ophelje, mar dat gong net troch, omdat der noch wat hersteld wurde moast. En doe hat de brânwacht besletten om foar de wissichheid deselde weinen, dy't al yn gebrûk wienen, wer werom te lûken.

"Er was een storing in het blussysteem, dat ontdekten we bij een oefening. En omdat veiligheid voorop staat en we geen risico's willen lopen, hebben we uit voorzorg alle wagens eruit gehaald tot we weten wat eraan de hand is", leit Nick Kits fan de Fryske brânwacht út.

It smyt gjin problemen op foar de kazernes, want der binne meardere reserve tankautospuitweinen. "Het is een tegenvaller, maar het is een proces. De wagens worden zorgvuldig getest, de mensen moeten er een goed gevoel bij hebben."

Hy kin net sizze hoefolle fertraging oft der is. "Eerst moeten we de beste oplossing voor de storing vinden."

Trefwurden: 
brânwacht brânwachtauto
(advertinsje)
(advertinsje)