UPDATE: Earste ljipaaien Achtkarspelen en Eaststellingwerf fûn

13 mrt 2019 - 19:36

Ek Achtkarspelen en Eaststellingwerf ha harren earste ljipaai. Dat fan Achtkarspelen waard woansdeitemoarn om 09.00 oere fûn by de Monnikewei yn Gerkeskleaster, troch Enno van der Kooi út Twizelerheide. Van der Kooi hat in oarkonde en it finerslean fan 15 euro krigen fan boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen.

It earste ljipaai fan Eaststellingwerf waard woansdeitemiddei om 16.00 oere fûn by Easterwâlde. Wiebe Kaspersma en Age Hulder út Burgum troffen it aai oan. Sy fûnen sneon ek al it earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel.

Allinnich yn de gemeente Harns kin no noch om it earste ljipaai socht wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)