Opsporing Verzocht smyt nije tips op oer yn Harns sjoene auto fan moardfertochte

De plysje hat inkele nije tips krigen oer Errol J. Dy wurdt fertocht fan de moard op de krimineel Karel Pronk, dy't ferline jier augustus deasketten waard yn Delft. De moard waard tiisdeitejûn behannele yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.
© Politie.nl
Dêr waard ek dúdlik dat de auto fan Errol J. op de dei fan de moard sjoen is by it clubhûs fan de Hells Angels yn Harns. Hoefolle tips oft der krekt binnenkaam binne, is noch net dúdlik. Foar de gouden tip leit 10.000 euro klear.