Gemaal by Marrum wurdt al ynset foardat it klear is

13 mrt 2019 - 16:37

It wetterskip set tongersdei al it nije gemaal De Heining by Marrum yn wurking, ek al is dat noch net klear. It is nedich, omdat it wetter yn de Fryske fearten en marren sa'n tsien sintimeter te heech stiet troch al it reinwetter fan de lêste dagen.

Foto: Omrop Fryslân

It gemaal hat twa pompen. Dêr moatte noch beskermkappen oerhinne, mar dy binne net earder klear as healwei takom moanne. Om op in feilige wize te draaien, moat der dêrom hieltyd tafersjoch wêze by it gemaal. Nei april kin it gemaal automatysk wurkje, as de wetterstân te heech wurdt.

De ôfrûne tsien dagen is der tachtich milimeter reinwetter fallen. De foarsizzing is dat der de kommende trije oant fjouwer dagen nochris tritich milimeter bykomt. It lân wie yn earste ynstânsje noch hiel drûch, nei de waarme en drûge simmer, mar de grûn kin it wetter no hieltyd minder goed opnimme.

Earder waarden ek it Hooglandgemaal by Starum en it Woudagemaal by De Lemmer al ynskeakele. Sa't it no liket, kin it Woudagemaal sneon wer útskeakele wurde. It Hooglandgemaal draait dêrnei noch in pear dagen troch.

(advertinsje)
(advertinsje)