Byspikerkursus yn Smellingerlân oer ferkearsregels foarsjocht yn ferlet

13 mrt 2019 - 16:31

De ferkearsopfriskursus yn Smellingerlân lûkt in soad dielnimmers. De kursus wurdt organisearre troch de Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV). Dy dogge dat yn gearwurking mei gemeenten foar minsken dy't al langere tiid har rydbewiis hawwe, mar wêrby't de regels net allegear mear even dúdlik binne.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn Smellingerlân bestiet dizze kursus út trije middeis en mei 44 dielnimmers binne der twa kear safolle minsken as gemiddeld.

De kursus sjocht foaral nei nije ferkearsregels en -sitewaasjes. Ek wurdt sjoen nei spesifike sitewaasjes yn de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Rotondes wienen der earder noch net"

Ien fan de kursisten is frou Oosting, se is 81 jier. Yn 1965 hat se har rydbewiis helle. "Der is in soad feroare. No binne der allegear rotondes en dy wienen der earder noch net. Myn dochter seit dat mem se net mear mei de auto opsykje mei yn Hoofddorp, se sizze dat ik mar mei de trein gean moat." Mar dêr hat se gjin nocht oan: "Ik bin al trije kear sels nei Hoofddorp riden. En ik ha noch nea yn myn libben in ûngelok hân!"

Se hie yn de krante oer de kursus lêzen. Nei de earste les hie se fiif fan de fyftjin fragen fout. Se hat ûnder oare leard hoe't se de bûtenspegel goed ôfstelle moat. "lk ha al in soad opstutsen en der folgje noch twa lessen. Ik doch it om by de tiid te bliuwen, je leare der altyd wat fan."

(advertinsje)
(advertinsje)