Fakbûn CNV sjocht wer 'perspektyf' foar glêstúnboubedriuw Hartman

13 mrt 2019 - 16:18

Fakbûn CNV reagearret ferromme op it nijs dat glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum wer fierder kin troch in finansjele ynjeksje. "Na alle onzekerheid van de afgelopen maanden is dat een geruststellende boodschap", lit ûnderhanneler Sijtze de Bruine fan it CNV witte.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sijtze de Bruine fan fakbûn CNV hat de ôfrûne moannen geregeld mei Hartman ûnderhannele oer de reorganisaasje. By dy reorganisaasje ferlieze 20 fan de 110 wurknimmers har baan. Goed 30 oaren sille fan de kommende hjerst ôf oeren en in part fan har lean ynleverje. "Hierover zijn wij met Hartman in gesprek, elke individuele situatie is weer anders."

"Het was een positieve boodschap en die is ook als positief ervaren door het personeel. Er was opluchting, het bedrijf gaat door, er zijn financiers gevonden. Het is een reddingsplan met perspectief, we gaan naar de toekomst kijken."

De lêste wiken waard dúdlik dat ferskate krediteuren dwaande wiene mei juridyske prosedueres tsjin Hartman. It bedriuw hie lykwols ûnfoldwaande jild om alle foarderingen fuortendaliks út te beteljen en drige dêrom neffens de advokate fan it bedriuw fallyt te gean.

Troch in akkoart tusken AC Hartman, eigener The Food Farm Group en ferskate banken, is der no wer genôch jild foar in ferantwurde bedriuwsfiering. It CNV fynt dat Hartman no folop ynsette moat op oplieding en ûntwikkeling. "We houden Hartman aan afspraken om nu echt te gaan investeren in werknemers, gericht op de biologische toekomstplannen van het bedrijf."

Sijtze de Bruine fan fakbûn CNV

AC Hartman is ien fan de bekendste glêstúnboubedriuwen fan Fryslân. It bedriuw leveret alle dagen paprika's, tomaten en komkommers oan ûnder oare Albert Heijn. It bedriuw waard yn 2017 oernommen troch The Fruit Farm Group út België.

(advertinsje)
(advertinsje)