Ungelok mei frachtwein soarget foar fertraging op de A7

13 mrt 2019 - 15:52

Op de A7 hat tusken It Hearrenfean en Drachten in ûngelok west mei in frachtwein. Om't der neffens de ANWB in soad modder op de dyk leit, is der op dit stuit mar ien rydstrook iepen. It ferkear fan It Hearrenfean nei Drachten moat dêrtroch rekken hâlde mei fertraging.

Foto: Srfotografie

Wat der krekt gebeurd is, is noch net bekend. Wol is dúdlik dat der by it ûngelok gjin oare auto's belutsen binne. Nei alle gedachten is de sjauffeur de macht oer it stjoer kwytrekke en dêrtroch neist de dyk bedarre. Oft de sjauffeur dêrby ferwûne rekke is, is net bekend.

It is noch net dúdlik hoelang't it opûnthâld duorret.

(advertinsje)