HEA! Sylvia's sosjale Sneupwinkel yn Ljouwert
HEA! Sylvia's sosjale Sneupwinkel
De Dútske Sylvia Leemburg hat in winkeltsje yn twaddehâns guod yn de Ljouwerter binnenstêd. In hiel sosjaal plak mei sa nedich in bakje kofje en in lústerjend ear. "Sylvia is net in sosjaal wurker, se is ek net dyn mem mar in bytsje fan beide", sa fertelt ien fan de fêste klanten.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.