Flinke boete driget foar recyclingbedriuw, fanwege 400.000 ton 'hoogovenslakken'

Recyclingbedriuw Van Bentum moat op It Hearrenfean in grutte bulte hoogovenslakken foar ein novimber fuorthelje, oars moat it bedriuw in boete fan 250.000 euro betelje foar elke wike dat de bulte der noch leit. Dat hat de provinsje bepaald.
Bodemas van Bentum
It giet om 400.000 ton slakken, dy't yntusken fiif jier op bedriuweterrein De Wetterwille op It Hearrenfean lizze.
Neffens ferantwurdlik deputearre Michiel Schier foarmje de slakken gjin bedriging foar de folkssûnens, mar hy wol de bulte fuort ha om foar te kommen dat de provinsje der ferantwurdlik foar wurdt. Dat soe it gefal wêze kinne as Van Bentum fallyt giet.