Epke Zonderland op rek en brêge by it EK yn Poalen

13 mrt 2019 - 14:57

Epke Zonderland is ien fan de seis turners dy't begjin april ôfreizgje nei it Poalske Szczecin foar de Europeeske kampioenskippen. Dat hat bûnscoach Bram van Bokhoven bekend makke. Zonderland komt by it EK út op rek en brêge.

Foto: www.orange-pictures.nl

Der wurde by dat EK dit jier gjin lannewedstriden hâlden, it giet allinne om yndividuele medaljes. Zonderland krijt yn Poalen ûnder oare selskip fan Michel Bletterman en Rick Jacobs.

De seis komme dit wykein ek al yn aksje by de wrâldbekerwedstriden yn Bakoe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)