Suzanne Schulting wurdt sneon huldige yn it Abe Lenstra Stadion

Suzanne Schulting sil sneon foarôfgeand oan de wedstriid SC Hearrenfean-De Graafschap huldige wurde troch boargemaster Tjeerd van der Zwan en SC Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond.
Suzanne Schulting is wrâldkampioen shorttrack © Orange Pictures
De 21-jierrige shorttrackster út It Hearrenfean hat in suksesfol seizoen efter de rêch. Ofrûne wykein waard Schulting yn it Bulgaarske Sofia wrâldkampioen op de 1000 meter en ek pakte se foar it earst yn har karriêre de allroundtitel op it WK shorttrack. Yn jannewaris waard se Europeesk kampioen op de 1500 meter.
Yn it Abe Lenstra Stadion sil Schulting foar de wedstriid SC Hearrenfean-De Graafschap in eareronde meitsje.