Firma Hartman foarearst rêden troch akkoart mei The Food Farm Group en banken

Firma Hartman foarearst rêden troch akkoart mei The Food Farm Group en banken
Kwekerij AC Hartman yn Seisbierrum is foarearst rêden. De direksje fan it bedriuw hat woansdeitemoarn de wurknimmers ferteld dat der wer foldwaande jild is om yn alle gefallen dit kalinderjier troch te kommen.
It bedriuw Hartman yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, René Koster
Dat is posityf nijs, want ôfrûne moandei ferklearre de advokate fan Hartman noch foar de Ljouwerter rjochtbank dat it bedriuw op de râne fan in mooglik fallisemint stie.
Dat kwekerij Hartman min draait is al dúdlik sûnt desimber. It bedriuw woe doe op hiel koarte termyn tsientallen wurknimmers dien jaan. Dat wie neffens de direksje nedich om te oerlibjen. Sûnt dy tiid is it bedriuw oan it striden mei partijen dy't noch jild hawwe moatte fan Hartman, lykas paprikaleveransier NH Paprika út Heerhugowaard.

Oplossing

Neffens in ferklearring fan it bedriuw bestiet de oplossing út in nij kredyt fan de Rabobank en neiere ôfspraken tusken The Food Farm Group, dêr't Harman ûnderdiel fan is, en ferskate banken. Dy oplossing is goed genôch om dit kalinderjier goed troch te kommen en ek troch te gean mei it omfoarmjen fan Hartman yn in '100 % bioteler', sa lit de direksje witte.
Moandei waard al dúdlik dat in mooglike oplossing tichteby wie. Hartman moast doe foar de rjochtbank ferskine fanwegen ûnbetelle rekkens. De direksje koe dêr doe net by wêze, omdat se yn oerlis wiene oer in finansjele oplossing.

Soargen oer de kontinuïteit

De wurknimmers fan Hartman meitsje har al in skoft grutte soargen oer har eigen baan en oer de kontinuïteit fan it bedriuw. De fakbûnen hawwe earder in akkoart sletten mei Hartman oer it ynleverjen fan lean en oeren. Der is in groep dy't mei wurktiidferkoarting trochwurkje sil foar 75 % fan it lean.
Reaksje CNV Vakmensen
De earder oankundige reorganisaasje wurdt yn de rin fan dit jier trochfierd. Dêrby ferlieze 20 fan yn totaal 110 wurknimmers harren baan. Sy krije in folsleine transysjefergoeding.
Ek sil der mei 33 wurknimmers sprutsen wurde oer oanpassingen yn de omfang fan harren kontrakt. "Hierover zijn wij met Hartman in gesprek, elke individuele situatie is weer anders", seit Sijtze de Bruine, fan CNV Vakmensen.
De CNV-bestjoerder fynt it ek wichtich dat Hartman úteinset mei oplieding fan harren wurknimmers. "De afgelopen jaren heeft dat helaas stilgestaan. We houden Hartman aan de toezegging om nu echt te gaan investeren in de werknemers, gericht op de biologische toekomstplannen van het bedrijf."

Skulden sille betelle wurde

De skuldeaskers sille nei alle gedachten wol bliid wêze, want as Hartman fallyt gien wie, hiene se de rekken ynleverje moatten by de kurator en dan is it fansels mar ôfwachtsjen oft je noch wat krije. It finansjele akkoart betsjut as it goed is dat alle skulden dy't Hartman erkend hat ek betelle wurde. Yn guon gefallen wurde dy betellingen útsmard oer in oantal terminen, mar leveransiers en oare partijen en ek de wurknimmers, wurde gewoan betelle, sa lit Hartman witte.
Onno Falkena en deputearre Klaas Kielstra oer de rêding fan Hartman
Statement situatie bij Hartman stand per 13 maart 2019
Na het bereiken van een akkoord met bonden en personeel over het herstructureringsplan eind 2018, is er nu ook een financieel akkoord met het moederbedrijf TFFG en de banken. Daarmee is de financiering voor dit jaar rond en zullen crediteuren, waaronder NH paprika, spoedig worden betaald. Met het rondkomen van de financiering en het akkoord met personeel en bonden, komt er een einde aan een onrustige periode voor personeel en leveranciers en kan de huidige directie zich vanaf nu volledig richten op het omvormen van A.C. Hartman tot een gezonde 100% bioteler.