Kafee De Welvaart op It Amelân sil nei acht jier wer iepen

13 mrt 2019 - 13:00

Kafee De Welvaart yn Hollum op It Amelân giet wer iepen. Nei in suksesfolle crowdfundingsaksje fan jonge ûndernimmer Taco Zandbergen út Zwolle is it safier. It kafee oan de Burenlaan is al ticht sûnt novimber 2011.

Foto: Foto Persbureau Ameland

Zandbergen kaam mei it plan om yn it kafee spesjaalbieren en lunches oan te bieden mei Amelanner produkten. Neist it jild fan de crowdfunding hat er noch twa grutte finansiers fûn dy't der ek jild yn stekke. Neist it kafee is ek it plan om de twa apparteminten en de twa hotelkeamers wer by de tiid te bringen.

De crowdfundingsaksje begûn yn jannewaris, mei as doel om 150.000 euro binnen te krijen. Dat bedrach koe in moanne letter mei de helte werombrocht wurde om't twa grutte finansiers har melden. In wike lyn sleat Zandbergen de aksje, mei in skoare fan 90.000 euro.

Hy krijt de kaaien op 1 april en dan moat der hiel wat gebeure. It moat flink opknapt wurde, yn de eardere keuken hinget allinnich noch in ôfsûchkap en stiet in ôfwaskmasine.

Hoe komt er by dit kafee?

"De waddeneilanden zitten in mijn bloed, ik kom er al jaren. Zo ben ik ook bij De Welvaart gekomen. M'n vriend zei, hé, er staat een café leeg, is dat niets voor jou? Toen ben ik het gaan onderzoeken en een jaar later is de financiering binnen."

Mei de crowdfunding wol er ek de minsken op it eilân derby belûke. "Veel mensen hadden het over het café, ze willen weer naar De Welvaart. Nu konden ze ook helpen." Hy hopet foar de simmer iepen te wêzen.

De Welvaart hat al in lange skiednis op It Amelân, dy't weromgiet oant de 18ste iuw.

Taco Zandbergen

(Advertinsje)
(Advertinsje)