Tytsjerksteradiel is op 'e nij MKB-freonlikste gemeente fan Fryslân

Tytsjerksteradiel is neffens ûndernimmers de MKB-freonlikste gemeente fan Fryslân. De ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw binne benammen tige tefreden oer de telefoanyske en digitale berikberheid fan de gemeente, en ek oer de snelheid fan de tsjinstferliening.
© Gemeente Tytsjerksteradiel
Yn 2016 krige Tytsjerksteradiel de titel ek al. Achtkarspelen en Eaststellingwerf einigen dit kear op it twadde en tredde plak. Op 26 maart wurdt bekend of Tytsjerksteradiel ek de MKB-freonlikste gemeente fan Nederlân is.