Wa wol de Markt yn Drachten werynrjochtsje? Gemeente siket bedriuwen
Smellingerlân siket bedriuwen dy't de Markt yn Drachten werynrjochtsje wolle. It plan is in diel fan de parkearplakken op it plein te ferfangen troch grien, ek moat der rioelearring en strjitferljochting ferfongen wurde.
Boargemaster en wethâlders hawwe begjin dizze moanne har fiat oan it plan jûn. Doel is dat yn maaie begûn wurdt mei it wurk, yn desimber soe dat klear wêze moatte.
De werynrjochting kostet goed 1,8 miljoen euro.