Oerienkomst moat histoarysk Harns beskermje by sâltwinning

Ferskate partijen sette moandei har hanteken ûnder in oerienkomst dy't skea yn Harns troch sâltwinning foarkomme moat. It giet om sâltwinning fan ûnder de Waadsee, dy't yn 2020 úteinset.
© Omrop Fryslân
De oerienkomst is der kaam op inisjatyf fan de Stichting Bescherming Historisch Harlingen. Dy hat der mear as in jier oer ûnderhannele mei ferskate partijen.
Yn de oerienkomst stiet ûnder oare dat der permaninte mjittings dien wurde yn de histoaryske binnenstêd fan Harns.