Klaas Kielstra: "De provinsje is yn steat om boppe-lokaal te tinken"

13 mrt 2019 - 11:29

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Woansdei is Klaas Kielstra, listlûker fan 'e VVD, oan bar.

Klaas Kielstra VVD - Foto: of

Namme: Klaas Kielstra

Leeftiid: 55

Wenplak: Stiens

Berop: deputearre Provinsje Fryslân

Hobby: reizgje, benammen stêdetrips

Partij: VVD

Lid sûnt: 2009

Besjoch it partijprogramma fan VVD Fryslân

Klaas, sizze wy do of jo?

"Jo."

Wêrom binne jo listlûker wurden? Wêr kinne jo it ferskil meitsje?

"Ik haw de ôfrûne fjouwer jier hurd wurke op ferskate dossiers. It ferskil haw ik foaral meitsje kinnen op it gebiet fan rekreaasje en toerisme en Thialf. Ik wol graach it VVD-lûd hearre litte om't dat wichtich is. Ik bin listlûker om't ik dizze put graach ôfmeitsje wol."

Wa is jo grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Presidint Roosevelt sprekt my oan. Hy hat Amearika laat yn in tiid fan grutte ekonomyske krisis en hy hat Amearika der wer boppe-op holpen. Ek hat hy in wichtige rol spile yn de Twadde Wrâldoarloch."

Wat is it earste dat der feroaret as jo partij yn it kolleezje komt?

"Ik soe net safolle feroarje wolle, mar saken oanskerpje fan it hjoeddeistige belied en ynvestearje yn nije ynnovative ideeën oangeande duorsumens. Ik wol it berûne paad fierder útwurkje en nije ûntwikkelingen ymplemintearje en útwurkje."

Ik wol it berûne paad fierder útwurkje en nije ûntwikkelingen ymplemintearje en útwurkje.

Klaas Kielstra fan de VVD

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Nee, dat is ûnsin. De provinsje as bestjoerslaach moat just fersterke wurde. De provinsje is yn steat om boppe-lokaal te tinken en toch in goede 'feeling' te hawwen mei de lokale situaasje. Tink ek oan it iepenbier ferfier of diken. Dizze hâlde net by de gemeentegrinzen. Wol moat de provinsje har ta har eigen taken beheine. De VVD is foar in lytse, mar wol effektive en effisjinte oerheid."

Hoe wol jo partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"Troch middel fan bestjoerstafels en maatskiplike tafels mei trochsettingsmacht."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"Dat is ús noch net oerkaam, mar soe dat wol sa wêze, dan moatte jo dat mei wat humor benaderje."

De provinsje as bestjoerslaach moat just fersterke wurde.

Klaas Kielstra fan de VVD

Kinne jo ús wat oer josels fertelle dat net ien wit?

"Dat hâld ik leaver foar mysels."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy jo nachts wekker meitsje?

"Ik wurd nachts net sa graach wekker makke. Sels net foar in Frysk streekprodukt."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op jo stimme?

"Ik doch wat ik sis. Ik wurkje hurd en elke dei stel ik it belang fan de minsken yn dizze moaiste provinsje fan Nederlân sintraal."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)