Boete Frjentsjerter ynstallaasjebedriuw kwytskolden troch Raad van State

Ynstallaasjebedriuw Van der Weerd út Frjentsjer hoecht gjin boete fan 18.000 euro te beteljen fanwege in ûngelok wêrby't in wurknimmer ferwûne rekke. Dat hat de Raad van State bepaald.
It gebou fan de Raad van State yn Den Haag © Wikipedia, Creative commons
De Arbeidsinspectie hie it bedriuw de boete oplein, neidat de wurknimmer in foet bruts doe't dêr in partij swiere gipsplaten op foel. De wurknimmer hat altyd ferklearre dat it syn eigen skuld wie.
De Raad van State is it dêr no mei iens en fynt dat Van der Weerd neat te ferwiten falt.