Aucke van der Werff oansteld as formateur gemeente De Fryske Marren

13 mrt 2019 - 11:23

Aucke van der Werff is oansteld as formateur yn gemeente De Fryske Marren. De âld-boargemaster fan It Bilt en de Noardeastpolder is woansdei begûn om de fjouwer partijen, CDA, VVD, PvdA en GrienLinks ta in koälysje te bringen.

Foto: Omrop Fryslân

It moat in deeglike mar net al te lange formaasje wurde, sa is de opdracht oan Van der Werff. It nije kolleezje kriget fiif wethâlders dy't fjouwer fte ferdiele meie. Fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan de grutste partij, it CDA, hat alle betrouwen yn Van der Werff. "Hy is in man mei in soad ûnderfining."

It koälysjeakkoart fan 2018 sil net de basis wurde. "Feitlik begjinne we op 'e nij. We sille noch wol ris sjen nei it koälysjeakkoart fan 2018, mar we hawwe der twa nije partijen by. Wy fine ek dat dy ta harren rjocht komme moatte", seit Van Zanden.

It kolleezje fan De Fryske Marren stroffele healwei febrewaris oer it dossier fan de sânwinning yn de Isselmar. Twa FNP-wethâlders namen ûntslach nei in moasje fan wantrouwen fan de gemeenteried.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Jan van Zanden oer de nije formateur

(advertinsje)