Stienzer bern plantsje beammen op lanlike Beamfeestdei

13 mrt 2019 - 11:21

Bern fan twa skoallen yn Stiens ha woansdei beammen plante yn de Stienzer Bosk by har wenplak. Se dogge dat fanwege de nasjonale Beamfeestdei, dy't foar de 63e kear hâlden wurdt.

Stienzer bern plantsje beammen op lanlike Beamfeestdei

De organisearjende stichting wol mei de Beamfeestdei bern it belang fan beammen dúdlik meitsje. Der is foar de Stienzer bosk keazen, omdat dêr fanwege sykte flink wat beammen kapt binne.

Yn Stiens fynt de provinsjale Beamfeestdei plak om't Ljouwert dizze kear de 'aksintgemeente' is en dy hat Stiens as lokaasje útsocht.

Ek op oare plakken yn Fryslân wurde dizze woansdei beammen plante troch bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)