Kollumer reinmjitters binne dizze moanne it folst fan Nederlân
Noard-Nederlân hellet dizze moanne de heechste delslachsifers, mei Kollum as wietste plak. Dat meldt Weeronline. Yn Kollum foel sûnt 1 maart 95 milimeter, dat is 35 milimeter mear as it lanlik gemiddelde.
Yn it suden fan it lân is mar sa'n 40 milimeter fallen. Nettsjinsteande de reinbuien fan de ôfrûne wiken is der noch hieltyd in delslachtekoart.
Ek de kommende dagen falt der noch flink wat rein.