Ferkear kin wer oer brêge Sudergoawei by Warkum

Ferkear kin wer oer de Sudergoawei yn Warkum. De ôfrûne dagen moast der omriden wurde, omdat der oan de brêge yn de wei wurke waard. De brêgedekken moasten ferfongen wurde en de bewegingswurken oanpast.
© Google Street View
Dat wurk is klear, de kommende tiid wurdt der noch wol oar wurk oan de brêge dien, mar dy kin dan wol gewoan troch ferkear brûkt wurde. De ferwachting is dat de brêge fan 1 april ôf ek wer betsjinne wurde kin foar skippen.