Underdiel past net, swimbad De Rolpeal noch dei langer ticht

13 mrt 2019 - 10:21

Swimbad De Rolpeal yn Warkum woe woansdei syn doarren wer iepenje, mar dat slagget net. In besteld ûnderdiel past net en moat dêrom opnij oanlevere wurde. It swimbad is sûnt begjin ferline wike ticht fanwegen technyske problemen. Dêrtroch is de luchtfochtichheid fiersten te heech.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens bedriuwslieder Martin Roef is it dreech om de goeie ûnderdielen te krijen, omdat de ynstallaasje fan it swimbad al âld is. It op 'e nij bestelde ûnderdiel wurdt woansdei besoarge, Roef giet der fan út dat it swimbad dan tongersdei wer iepen kin. Wissichheid dêroer is der woansdei op de neimiddei.

Roef fynt de fertraging spitich. "Het is niet alleen voor ons een teleurstelling, ook voor de klanten natuurlijk, die je heel graag weer wil laten zwemmen." Ek fanwege de bern wol er sa gau mooglik wer los. "De kinderen willen heel graag weer lessen."

Oer wat de sluting it swimbad foar finansjele skea opsmyt wol Roef gjin útspraken dwaan.

Trefwurden: 
Warkum swimbad De Rolpeal
(advertinsje)
(advertinsje)