FNV makket pensjoenliet; fakbûn hâldt moandei manifestaasje

It fakbûn FNV presintearret dizze woansdei in pensjoenliet, foarútrinnend op de pensioenmanifestaasje fan it fakbûn. Dy manifestaasje is moandei 18 maart yn Ljouwert.
Staking by Douwe Egberts © FNV
Minke Jansma is bestjoerder by it FNV. "Wy woene wat kreatyfs dwaan en minsken wat op in modernere manier oproppe as mei in pamfletsje. Dus binne wy mei de kollega's de de studio yngien."
Moandei binne op ferskate plakken yn it lân pensjoenmanifestaasjes. "Elkenien moat in goed pensjoen ha, ek foar de minsken dy't flekswurkje of selstannich binne, mar benammen ek de jongeren. Dy moatte wy ek oansprekke, want in goed pensjoen is net allinnich foar boppe de 50 fan belang."
Foar de manifestaasje yn Ljouwert wurdt om 11.30 oere sammele op it Wilhelminaplein. Dêr komme in tal sprekkers en dan folget in stoet troch de stêd.
Wat hoopje se te berikken? "In serieus lûd om ús winsken hearre te litten."
Minke Jansma

Wat wol it fakbûn?

De AOW-leeftiid befrieze en de boete skrasse op earder ophâlde mei wurkjen, yndeksaasje fan de pensjoenen en in pensjoen foar elkenien.
Harkje nei it liet 'Genoeg Genoeg'