Kollum: "Formalisme"

13 mrt 2019 - 08:56

"Somtiden sjoch ik wat. Dan ha ik in freeslike gedachte en dan moat ik efkes wreed gnize. Sa seach ik ferline wike in fotoke fan Sander de Rouwe en Marijke Roskam dy't op in middelbere skoalle in ferkiezingsdebatsje dwaan moasten. Se foelen hielendal net op tusken al de oare bern.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Hawar, jim meie nije wike stimme en jim binne âld en wiis genôch om dêr mei te rêden. Boppedat is it oant no ta iggeleas geâldehoer. Ek as ik sis dat ik graach wol dat jim op ien stimme dy't net inkeld praat, mar wat docht. Ik wit ek net wa't dat is, mar hy of sy hat noch in wike.

Foarbyld. Fan 2015 ôf wiene we stjoerleas, mar we ha no einlik wer in fyzje wetterrekreaasje. Elkenien entûsjast. Oannaam. Mar sûnder, dán dogge we dat en dat. Sûnder sinten. It safolste plan wat net fuort útfierd wurdt. Want wetter is foar Fryslân wichtich. We meitsje der drinkwetter fan; we moatte soargje dat we drûge fuotten hâlde; de lânbou moat kwalitatyf foldwaande wetter hawwe, ek wer net tefolle; we ha wetter yn en as natuer, as libbensomjouwing en we meitsje der beropsmjittich gebrûk fan yn de ekonomy, toerisme, ferfier en fiskerij. En ús otters swimme der yn om.

It fiert wat te fier om oan te jaan wat der allegearre yn dy fyzje stiet, mar ik ha him lêzen en nim mar efkes fan my oan dat op alle fronten yn dy fyzje besocht wurdt om minimaal te behâlden wat we ha en dat eventueel ek noch te ferbetterjen. Benammen it jeugdplan, wat kinne we mear mei wetter, út de jeugd wei sels betocht, docht aanst fertuten. Dat soe Sander en Marijke oansprekke moatte.

Soe fertuten dwaan kinne, de fyzje leit yn in laad. It is dochs wol in hiel pakket yn ien kear foar de steaten, en we ha ferkiezingen, bla, bla. Begjin no ris. Al de lju dy't meipraten ha, ha rjocht op dat der foar kommende simmer wat dien wurdt. Nee dus.

Want de fyzje hat it breed makke. En dan begjint it geseur. Elkenien wol syn eigen nuânse oanbringe. Sa binne we ommers grut wurden yn dit formalistyske Nederlân. Dêr soene we as Friezen troch hinne brekke moatte. Smyt it Wetterskip yn de provinsje. Sis tsjin de gemeenten dat harren plannen wêr't wetter ynstreame kin, foldwaan moat oan de provinsjale fyzje Dat en dat dogge we allegearre, en we dogge it tegearre. Ien skip, ien kapitein.

Want witte jim hoe't it no bygelyks giet? Oeral hast lisplakferoardeningen, en dat betsjut dat oeral ynhamkes makke binne foar wenarken. Yn Opsterlân leit it buorskip Klein Groningen. No, dy namme jout al oan dat it dêr oars is. Oer de Kompanjonsfeart leit dêr in brêge. By de brêge leit in wenarke op syn âlde plak. De trochfeart troch dy brêge is in heale meter minder, want dy arke leit der foar. Der is al jierren en jierren praat oer om dat oars te meitsjen.

Sterker, der is in goed plan om dat te feroarjen, kostet net iens safolle. De wenarke efkes fierderop yn in ynhamke, sadat net ien der lêst fan hat en de bewenners der wenjen bliuwe kinne. It bart gewoan net. Dy hat dit, dy hat dat en it saakje wurdt hieltyd wer yn it laad dondere. Blykber ha lju dy't by de brêge wenje der ek noch wat oer te sizzen. Hoe't de saak ek begûn is, ynteressearret my net, los it op. Doch wat. Sels as wettersportprovinsje Fryslân kinne we soks net oplosse.

Sa giet it mei alles.

Guozzen. Feangreidegebiet. Wenjen yn doarpen. Wynmûnen yn doarpen. Krimp. Holwert oan See. Iepenbier ferfier. It Waad. Kultureel trochgean nei kulturele haadstêd. Gasboarringen. Stânpunt oer Lelystêd. Frysk op skoallen. Poalen yn It Hearrenfean. Skriezen. Ofslútdyk. Lânskip. Natuer. Lânbou. Wetter.

Dêr wurdt oeral oer praat. Der wurdt neat dien. Earne yn Fryslân moat eins in stikje wâl efter reid ferbettere wurde. Foarjier, net oankomme, fûgels. Simmers, toeristen. Winters, iis. Miskien dat der op 12 septimber efkes in skip hinne kin. Mar dy dei hat de Noarske wrotmûs syn skoalreiske. Dan moatte we it takom jier mar ris besykje.

Dan sizze we ek noch dat we grutsk binne op ús provinsje."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)