Fryske metaalbedriuwen sykje hurd nei personiel

13 mrt 2019 - 08:04

Trije metaalbedriuwen yn Noardwest-Fryslân iepenje dizze wike harren doarren om minsken entûsjast te meitsjen foar in baan yn de sektor. Der is grut ferlet fan meiwurkers, allinnich yn Fryslân al steane 2700 fakatueren iepen.

It giet om funksjes lykas lasker, plaatwurker en masinewurker. Meijer Metaal yn Sint-Jabik, Oreel Hallum en Oostwoud International yn Frjentsjer organisearje tegearre mei útstjoerburo Randstad en de Friese Poort dizze 'wike fan de metaal'.

Mei help fan rûnliedingen en presintaasjes kinne belangstellenden yn de kunde komme mei it fak en it opliedingstrajekt dat oanbean wurdt.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra kriget in rûnlieding fan Jacob de Haan by Meijer Metaal

By Meijer Metaal binne op dit stuit gjin fakatueren, mar de ferwachting is dat dy ynkoarten wol komme sille. Yn Hallum by Oreel is dat oars, dêr steane fiif fakatueren iepen.

In oantal kandidaten binne dizze wike begûn mei in bbl-trajekt by Oreel. Dat is in trajekt wêrby't se tagelyk leare en wurkje. Ien fan dy kandidaten die earst hiel oar wurk. "Ik stond eerst in een winkel. Ik was altijd bezig met van alles en nog wat. Dit leek mij wel een leuke richting en dat vind ik nog steeds."

Klaas Jan de Goede fan Oreel seit dat se altyd op 'e syk binne nei goed personiel. Dêrom dogge sy ek mei oan de wike fan de metaal. Net elkenien hoecht ûnderfining te hawwe. "Als mensen bereid zijn om te leren en de klik is er, dan zijn wij bereid om mensen op te leiden", leit De Goede út.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by Oreel yn Hallum

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)