Noard-Nederlân kin noch folle duorsumer, diel 2: enerzjytransysje

13 mrt 2019 - 07:04

Omrop Fryslân en RTV Noord lieten tiisdei al sjen dat Noard-Nederlân wat enerzjybesparring oanbelanget noch net it bêste jonkje fan de klasse is. Woansdei sjogge we fierder, mei de fraach oft Noard-Nederlân, sa't de New Energy Coalition seit, koprinner is yn de enerzjytransysje.

Foto: Omrop Fryslan

Oft Noard-Nederlân foarop rint yn de oergong nei griene enerzjy kin ek ôfmetten wurde oan de duorsume enerzjyproduksje. Hoefolle griene enerzjy meitsje wy hjir? En dogge wy dat op in effisjinte wize? Dêrby sjogge we nei hoe't it der no foarstiet en wat de takomstplannen krekt binne.

Hjoeddeiske situaasje

As wy nei de hjoeddeiske situaasje sjogge, dan moatte wy witte hoefolle persint fan de enerzjy dy't wy ferbrûke op in duorsume wize opwekke wurdt. Neffens de meast resinte sifers fan de klimaatmonitor stiet Noard-Nederlân hjir wol boppe-oan: 9,8 fan de hjir ferbrûkte enerzjy is grien. Dat is flink heger as it lanlik trochsneed fan 5,8 persint. West-Nederlân stiet ûnderoan; dêr is neffens de nijste sifers mar 4,1 persint fan de brûkte enerzjy grien.

Foto: Omrop Fryslân

Takomst

As it giet om de enerzjyproduksje yn 'e takomst is it goed om te sjen nei hokker plannen der yn Noard-Nederlân binne om duorsum enerzjy te produsearjen. Wy sjogge dan nei de SDE-subsydzje, dy't sûnt 2008 bestiet. It grutste part fan de griene enerzjyproduksje wurdt realisearre mei help fan sa'n subsydzje. Mei dizze regeling kinne partikulieren en bedriuwen subsydzje oanfreegje om duorsume enerzjy op te wekken. Yn 2011 is de regeling feroare. Fan dat jier ôf kinne partikulieren gjin subsydzje mear oanfreegje en hjit de regeling SDE+. De projekten fariearje fan inkelde sinnesellen op in wenhûs ta de bou fan in biomassasintrale.

Om in byld te krijen fan hoe't de ferskate parten fan Nederlân it dogge yn de transysje nei duorsume enerzjy hawwe wy ek dizze regeling as yndikator nommen. Wy hawwe sjoen oft Noard-Nederlân him, op basis fan de subsydzjes, ek ûnderskiedt fan de oaren.

RVO

Yn opdracht fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat fiert de Rykstsjint foar Undernimmend Nederlân (RVO) de regeling út. De tsjinst hâldt ek by wa't de subsydzje krigen hat en wannear't en hoefolle fermogen der foar dat bedrach opwekke wurdt. Elts jier publisearret RVO in grutte list mei alle projekten. Ut de list hawwe wy helle hoefolle subsydzje der foar elke provinsje beskikber is sûnt it begjin fan de regeling. Wy skriuwe 'beskikke' om't de measte projekten noch rinne. De eksploitanten krije de subsydzje útkeard op it momint dat se ek echt it foarstelde fermogen produsearje. It jild is yn guon gefallen tasein, mar noch net útkeard.

Yn ús berekkeningen binne allinne projekten meinommen dy't ek echt yn in provinsje fêstige binne. Sa binne der bygelyks wynparken bûten de saneamde '12mijlszone' net meiteld. Ut de regeling is yntusken al mear as 35 miljard euro beskikke oan projekten yn de ferskate provinsjes. It grutste part dêrfan, hast 6 miljard, is oanfrege en reservearre foar partikulieren en bedriuwen yn Noard-Brabân. It part fan it lân dêr't de measte subsydzje útkeard is, is West. Dêrûnder falle de provinsjes Utrecht, Seelân, Noard-Hollân en Súd-Hollân.

Foto: Omrop Fryslân

Allinnich sjen nei hoe soad jild der útkeard is, like ús net genôch. It is fansels ek wichtich om te sjen hoe goed dat jild bestege wurdt. Dêryn komt Noard-Nederlân, dêr't Grinslân, Fryslân en Drinte ûnder falle, it bêste út 'e bus. Foar eltse subsidiearre euro wurdt der yn Noard-Nederlân 21,69 kWh oan enerzjy opwekt. Yn de oare dielen fan Nederlân leit dat leger, mei as leechste Súd, dêr't Limboarch en Noard-Brabân ûnder falle.

Foto: Omrop Fryslân

We hawwe ek sjoen nei de relative ferskillen tusken de lânsdielen. It iene gebiet is fansels grutter as it oare, en yn it iene lânsdiel wenje mear minsken as yn it oare. Hoefolle enerzjy der no en yn de takomst opwekt wurdt, tanksij de SDE-subsydzjes, hawwe we ek ôfsetten tsjin it oerflakte fan de lânsdielen. Yn dy berekkening docht West-Nederlân it it bêste; yn de goed tsien jier dat de subsydzjes no ferliend wurde, wurdt dêr per hektare hast 185.000 kWh opwekt.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Noard-Nederlân wurdt yn ferhâlding ta it oantal ynwenners de measte duorsume enerzjy opwekt, mei tank oan de SDE-subsydzjes. Foar eltse ynwenner fan Fryslân, Drinte en Grinslân leverje de SDE-subsydzjes hast 94.000 kWh oan duorsume enerzjy op. Oft dat in fertsjinste is, is lestich te sizzen. Der wenje hjir relatyf sjoen net in soad minsken, dus dan wekst al gau in soad stroom de ynwenner op.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)