Minste bebouwing yn provinsje Fryslân

13 mrt 2019 - 06:57

Fryslân is de provinsje mei de minste bebouwing yn Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk troch it CBS. Fan ús provinsje is 7,5 prosint beboud.

Foto: ANP

Súd-Hollân is mei goed 23 prosint it tichtst beboud. Under bebouwing falle wenwiken, winkelsintra en bedriuweterreinen. Lanlik sjoen gie de beboude oerflakte tusken 1996 en 2015 mei mear as 3 prosint omheech. Nei Súd-Hollân binne Noard-Hollân en Utert it tichtst beboud. Nije bebouwing giet yn de measte gefallen ten koste fan lânbougrûn. Dochs hat it grutste part fan Nederlân noch hieltyd in grien karakter.

Trefwurden: 
Fryslân bebouwing
(Advertinsje)
(Advertinsje)