"Mear jild foar kultuer om hege ferwachtings wier te meitsjen"

13 mrt 2019 - 06:00

"Als je jong en nieuw bent, dan heb je geen plek." Dat fynt Mark Hospers fan it Fryske kultuerbelied. Hy is fan it festival Explore the North. Op it stuit jout de provinsje Fryslân alle jierren 15 miljoen euro subsydzje oan de kulturele sektor. It is foaral foar grutte organisaasjes dy't al jierrenlang wis binne fan subsydzje, lykas Keunstwurk, Fries Museum, Tryater en Tresoar. De lêste jierren binne der in soad nije inisjativen en organisaasjes bykommen, dy't it dreech fine om der tusken te kommen.

Mear jild foar kultuer om hege ferwachtings wier te meitsjen

De provinsjale polityk hat foar 2019 en 2020 yn totaal al fjouwer miljoen euro ekstra beskikber steld foar it fuortsetten fan Kulturele Haadstêdprojekten. Mar is dit genôch? En hoe komt it fierderop yn de takomst? It nije provinsjebestjoer moat hjir aanst oer te set.

Explore the North

It hat foar Mark Hospers fan it literatuer- en muzykfestival Explore the North fan it begjin ôf oan in grutte striid west om der tusken te kommen. "Nieuwe organisaties en festivals zoals wij, Welcome to the Village, poppodium Asteriks of het Oranjewoudfestival behoren niet tot de gevestigde orde. Het huidige beleid is erg verouderd, terwijl er nu een heel nieuw cultureel veld is."

It bonken op de doar hat net foar neat west, der komme feroarings oan. "We zitten nu gelukkig overal aan tafel en de nieuwe nota van de provincie ziet er goed uit. Hierin komt er meer ruimte voor kunst en vernieuwing."

Dizze wike stiet Omrop Fryslân yn in rige ferhalen stil by in ferskaat oan ferkiezingstema's. It giet om ûnderwerpen dy't belangryk binne foar de takomst fan de provinsje of dêr't bot oer diskusjearre wurdt, lykas de pleatsing fan wynmûnen. No it ferhaal oer ien fan de tema's dy't fan grut belang is foar de takomst fan Fryslân: hoe ambisjeus wol de provinsje Fryslân de takomst yn as we it hawwe oer kultuer?

Earliker

De provinsje sjocht alle feroarings ek en spilet dêr mei de nije kultuernota 'Keunst oan 'e kime' op yn. Organisaasjes krije aanst net mear fanselssprekkend in subsydzje. Boppedat kin elkenien in plan yntsjinje. In spesjale kommisje beoardielet fan 2021 ôf de oanfragen en jout advys oer wa't wol of gjin subsydzje krije moat. Foaral de nijkommers fine dit in folle earliker systeem as hoe't it no giet.

Fraach is: kin dit mei it besteande kultuerbudzjet of moat der jild by? Mei oare wurden: de nije Steaten moatte bepale hoe ambisjeus oft de provinsje wêze wol op it mêd fan kultuer.

Untwerpster Lisette Bokma (rjochts) jout bern oanwizings tidens it kulturele haadstêdprojekt De Reis. - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Mear jild

Ien fan de organisaasjes dy't oant no ta altyd wis wie fan jild fan de provinsje is Keunstwurk. De organisaasje bestiet 25 jier en hâldt him mei fan alles dwaande, fan kultueredukaasje en teäter oant dûns en muzyk. It is foaral in stypjende en advisearjende organisaasje, aktyf yn hiel Fryslân.

Neffens Douwe Zeldenrust, direkteur fan Keunstwurk, docht it sear as it kultuerbudzjet net omheech giet. "We hawwe mei de legacy fan Kulturele Haadstêd wol in ambysje. We hawwe sjoen dat ynvestearje yn kultuer de muoite wurdich is. Der moat echt jild by, oars kinst dizze ambysje net wier meitsje." Zeldenrust tinkt oan 5 miljoen euro. "Om de basis op oarder te krijen en nije inisjativen in kâns te jaan."

Douwe Zeldenrust, direkteur Keunstwurk

Leechrin driget

De takomst sjocht der goed út foar Explore the North, hielendal no't Ljouwert de titel Unesco City of Literature feroverje wol. Mar der is noch neat offisjeel tasein. Se sitte hjir dan ek al in skoftke yn de wachtstân. It festival hat plannen foar in produksjehûs, wêryn't se sels oan de slach geane mei makkers.

"Vorig jaar zijn we eigenlijk al een combinatie geworden van een productiehuis en een festival. We hebben met 200 kunstenaars gewerkt en dat heeft veel opgeleverd. Bijvoorbeeld de Relaxerette. Je ligt in een hangmat met een koptelefoon op en hoort literaire verhalen van lokale en landelijke makers. De Relaxerette is nu onderweg naar een festival in Singapore", fertelt Hospers.

De wachtstân is neffens Hospers riskant. "Festivals worden op dit moment niet structureel gefinancierd en draaien dus op mensen. Maar als ze een aanbod uit Groningen of Amsterdam krijgen, zijn ze weg. Nu is het moment om deze mensen, maar ook een grote club kunstenaars, hier te houden."

Jonge makkers dwaande mei it maatskiplik-kulturiel projekt Eritreatown. - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Mark Hospers fan Explore the North

'Ontschotting'

Net elke politike partij wol ekstra jild oan kultuer jaan. Der binne neffens guon partijen ek oare oplossingen mooglik, lykas 'ontschotting'. In soad keunst en kultuer hat oerlap mei oare beliedsterreinen: kultuer en toerisme, kultuer en taal, kultuer en erfgoed, kultuer en ekonomy, kultuer en maatskiplike tema's.

It idee efter 'ontschotting' is dat der út oare beliedsterreinen wei ek jild beskikber komme moat foar keunst en kultuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)